Madhya Pradesh
| Madhya Pradesh मध्य प्रदेश | ||
| Gwalior Fort. | ||
| Symboalen | ||
| Algemien | ||
| Lân | Yndia | |
| Haadstêd | Bhopal | |
| Grutste stêd | Indore | |
| Distrikten | 55 | |
| Befolking | ||
| Ynwennertal | 72.626.809 (2011) | |
| Talen | Hindy (offisjeel) | |
| Religy | Hindoeïsme 90,9% Islam 6,6% Jaïnisme 0,8% | |
| Geografy | ||
| Oerflak | 308.252 km² | |
| Heechste punt | 150 – 1.350 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1 novimber 1956 | |
| Tiidsône | IST (UTC+5:30) | |
| Offisjele webside | ||
| mp.gov.in | ||
| Kaart | ||
| Lokaasje fan Madhya Pradesh yn Yndia | ||
Madhya Pradesh is in dielsteat yn it sintrale diel fan Yndia. Neffens oerflak is it de twadde grutste steat fan it lân en neffens ynwennertal de op fjouwer nei grutste. Oant it jier 2000 wie it de grutste steat fan Yndia. Yn dat jier waard de regio Chhattisgarh ôfsplitst en in selstannige dielsteat. Madhya Pradesh hat gjin kustline en gjin ynternasjonale grinzen; it grinzget oan 'e dielsteaten Uttar Pradesh, Chhattisgarh, Maharashtra, Gûdjarat en Radjastan. De steat hat in ryk histoarysk erfgoed, farriëarjend fan 'e boedistyske stûpa fan Sanchi oant de paleizen fan 'e Holkar- en Scindia-dynastyën. De haadstêd is Bhopal, wylst de stêd Indore it grutste ekonomyske sintrum foarmet. Madhya Pradesh wurdt ek wol de "Tigersteat" neamd fanwegen de oantal nasjonale parken dy't in grutte rol spylje yn it behâld fan 'e Bingaalske tiger.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Madhya Pradesh leit op it sintrale heechlân fan India. It lânskip bestiet út plato’s, rivierdellingen en twa grutte, hast parallel rinnende berchrêgen dy’t de steat fan west nei east trochsnije.

Troch it noarden en midden fan de steat rint it Vindhyaberchtme. Faak tsjinne dat berchtme as in natuerlike skieding tusken Noard- en Súd-Yndia. Súdlike leit it Satpuraberchtme. Dat berchtme rint rûchwei parallel oan 'e bergen fan Vindhya. Tusken beide berchrêgen leit de fruchtbere delling fan 'e Narmada. It Malwaplato yn it westen is in fulkanysk plato mei fruchtbere swarte grûn, dy't tige gaadlik is foar lânbou, benammen foar katoen.
Madhya Pradesh foarmet de boarne fan ferskate wichtige Yndiaaske rivieren. Oars as de rivieren yn it noarden wurde dizze benammen fuorre troch moessonrein ynstee fan ranende snie fan gletsjers:
- de Narmada is ien fan 'e wichtichste en hillichste rivieren fan 'e steat en streamt nei it westen, rjochting de Arabyske See.
- de Tapti rint súdlik fan 'e Narmada en folget ek in westlike rjochting.
- de Chambal streamt nei it noarden en foarmet foar in part de grins mei Rajasthan en Uttar Pradesh; de rivier is bekend om syn djippe kleauwen.
- de Son is in sydrivier fan 'e Ganges, streamt nei it easten.
It klimaat fan Madhya Pradesh is tropysk mei trije dúdlike seizoenen. Simmerdeis (maart–juny) is it hyt en drûch, mei temperatueren dy’t yn de noardlike flakten boppe de 45 °C komme kinne. De moessontiid (july–septimber) is in tiid fan swiere reinfal. De winters (novimber-febrewaris) binne oer it generaal drûch en noflik mei benammen yn hegere gebieten kâlde nachten.
Likernôch 30% fan it oerflak fan Madhya Pradesh is bedutsen mei bosk, wat it ien fan 'e boskrike steaten fan Yndia makket. De fegetaasje fariearret fan tropyske leafbosken oant drûgere toarnbosken yn minder fochtige gebieten. Dizze natuergebieten binne in wichtich leefgebiet foar in grut tal bistesoarten. Yn 'e steat libbet ien fan 'e grutste Yndiaaske populaasjes fan 'e Bingaalske tiger.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De minsklike bewenning yn Madhya Pradesh heart ta de âldste fan de wrâld. De grotten fan Bhimbetka (UNESCO-wrâlderfgoed) ha rotsschilderings dy't oant wol 30.000 jier weromgeane.
Yn 'e 4e iuw f.Kr. makke de regio diel út fan it Mauryaryk. Ashoka wie gûverneur fan Ujjain foardat er keizer waard. Hy liet de ferneamde Sanchi stûpa bouwe, ien fan 'e wichtichste boedistyske monuminten yn 'e wrâld. Letter, tusken de 4e en 6e iuw n.Kr., belibbe de regio in kulturele bloei ûnder it Guptaryk, in perioade dy't faak de Gouden Iuw fan Yndia neamd wurdt.
Tusken de 9e en 13e iuw regearren ferskate Rajput-stammen oer dielen fan 'e steat. Sûnt de 14e iuw kaam de regio hieltyd mear ûnder de ynfloed fan it Sultanaat Delhi en letter it Mogolryk. Under de Mogols waarden stêden lykas Gwalior en Mandu wichtige strategyske en kulturele sintra. Doe't it Mogolryk yn 'e 18e iuw oan betsjutting ferlear, namen de Maratha's de macht oer. Dat late ta de opkomst fan ferskate prinslike dynastyën dy't letter in wichtige rol spylje soene yn de regio (de Scindia dynasty yn Gwalior, de Holkar dynasty yn Indore en de Bhonsle dynasty yn Nagpur).
Nei de oarloggen tusken de Maratha's en de Britten oan it begjin fan 'de 19e iuw kaam de regio ûnder Britske ynfloed.
Nei de ûnôfhinklikens fan Yndia yn 1947 waarden de ferskate foarstedommen gearfoege. Op 1 novimber 1956 waard de hjoeddeiske dielsteat Madhya Pradesh offisjeel oprjochte. Oant it jier 2000 wie it de grutste steat fan Yndia, mar op 1 novimber fan dat jier waard de súdeastlike regio ôfsplitst om de nije steat Chhattisgarh te foarmjen.

Yn 'e resinte skiednis fan 'e steat fûn yn 1984 yn Bhopal ien fan 'e slimste yndustriële rampen yn 'e wrâldskiednis plak. By in lek yn in fabryk fan Union Carbide kamen tûzenen minsken om it libben. De ramp ûntstie yn 'e nacht fan 2 op 3 desimber 1984 troch it lekken fan neffens rûzing 40 ton fan it ekstreem giftige methylisocyanaatgas út in fabryk fan Union Carbide. De streekrjochte oarsaak wie wetter dat yn in opslachtank kaam, wat in heftige gemyske reaksje feroarsake. De katastrofe waard fergrutte meidat ferskate feiligenssystemen útskeakele wiene of net goed funksjonearren fanwegen besunigings en min ûnderhâld. In giftige gaswolk dreau oer tichtebefolke wenwiken. Njonken tûzenen deaden feroarsake de ramp foar hûnderttûzenen oerlibbenen bliuwend letsel.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De befolking fan Madhya Pradesh kent in grut ferskaat. Likernôch 21% fan 'e befolking bestiet út lânseigen stammen. De grutste groepen binne de Bhil en de Gond. De Gonds steane bekend om harren keunst, dy’t faak de bân tusken minske en natoer ferbyldet.
De offisjele taal is Hindy, dy't troch de mearderheid fan 'e befolking praat wurdt. Dêrnjonken binne der ferskate regionale farianten mei in eigen identiteit, lykas Malwi (yn 'e regio Indore/Ujjain), Bundeli (yn it noarden) en Bagheli (yn it easten).
| Religy | % (2001) | % (2011) | Ferskil | Karakteristyk |
|---|---|---|---|---|
| Hindoeïsme | 91,15% | 90,89% | -0,26% | Dominant, mei wichtige pylgeroarden lykas Ujjain en Omkareshwar. |
| Islam | 6,37% | 6,57% | +0,20% | Fral fertsjintwurdige yn stêden lykas Bhopal. |
| Jaïnisme | 0,91% | 0,78% | -0,13% | In lytse, mar histoarysk tige ynfloedrike mienskip. |
| Boedisme | 0,35% | 0,30% | -0,05% | |
| Kristendom | 0,28% | 0,29% | +0,01% | |
| Sikhisme | 0,25% | 0,21% | -0,04% | Benammen yn 'e gruttere hannelsstêden. |
| Oars / net opjûn | 0,69% | 0,96% | +0,27% | In soad tribale religys dy't harren eigen natoergeasten ferearje. |
Madhya Pradesh hat yn 'e 20e en begjin 21e iuw in foarse groei trochmakke. Understeande sifers foar 2001 en 2011 binne de sifers fan 'e steat nei de ôfspjalting fan Chhattisgarh. Yn 1921 wie de befolkingsgroei negatyf. Dat kaam troch de Spaanske Gryp (dy't Yndia swier troffen hat), in hongersneed troch mislearre rispingen en de Earste Wrâldkriich (de Britten ronselen in soad jonge manlju út de regio om te fjochtsjen yn Jeropa en it Midden-Easten, sadat der yn dy tiid minder bern oanset waarden).
| Jier | 1901 | 1911 | 1921 | 1931 | 1941 | 1951 | 1961 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 12.679.072 | 14.372.483 | 13.911.912 | 15.340.063 | 17.308.232 | 18.614.931 | 23.217.910 |
| Groei | — | +13,4% | -3,2% | +10,3% | +12,8% | +7,6% | +24,7% |
| Jier | 1971 | 1981 | 1991 | 2001 | 2011 | ||
| Ynwennertal | 30.016.625 | 38.168.528 | 48.566.242 | 60.348.023 | 72.626.809 | ||
| Groei | +29,3% | +27,2% | +27,2% | +24,3% | +20,3% |
Grutste stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Rang | Plak | Distrikt | Ynwennertal (2001) | Ynwennertal (2011) | Groei (%) | Karakteristyk |
|---|---|---|---|---|---|---|
| 1 | Indore (UA) | Indore | 1.516.918 | 2.170.295 | +43,1% | kommersjeel en yndustrieel sintrum. |
| 2 | Bhopal (UA) | Bhopal | 1.458.416 | 1.886.100 | +29,3% | haadstêd |
| 3 | Jabalpur (UA) | Jabalpur | 1.098.366 | 1.267.564 | +15,4% | wichtich militêr en rjochterlik sintrum (High Court). |
| 4 | Gwalior (UA) | Gwalior | 865.548 | 1.102.884 | +27,4% | histoaryske fêstingstêd fan 'e Scindia-dynasty. |
| 5 | Ujjain | Ujjain | 431.162 | 515.215 | +19,5% | hillige stêd |
- UA: Urban Agglomeration (stêdekloft).
Kultuer en toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Madhya Pradesh hat trije kulturele lokaasjes op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO:

- De Monumintegroep fan Khajuraho binne in groep hindoeïstyske en jaïnistyske timpels, boud troch de Chandela-dynasty tusken 950 en 1050 n.Kr. Se binne ferneamd om harren ferfine arsjitektuer en byldhoukeunst, wêrûnder ek erotyske skulptueren.
- De boedistyske monuminten by Sanchi stûpa: de Grutte Stupa is ien fan 'e âldste stiennen struktueren yn Yndia en waard yn 'e 3e iuw f.Kr. stifte troch Ashoka. It is in wichtich hillich plak foar it boedisme.
- De grotten fan Bhimbetka binne rotswenten mei beskilderingen fan mear as 30.000 jier âld.
Oare kulturele hichtepunten yn 'e steat binne it Gwalior Fort, in yndrukwekkend fort op in heuvel, Orchha, in histoaryske stêd oan 'e rivier de Betwa, bekend om syn paleizen en timpels út de 16e iuw en Ujjain, ien fan 'e sân hillichste stêden fan it hindoeïsme, dêr't ien kear yn 'e tolve jier de Simhastha Kumbh Mela plakfynt, in massale pylgertocht.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Madhya Pradesh is ien fan 'e meast boskrike steaten fan India. Mei syn grutte boskoerflak en in aktyf belied foar natuerbehâld stiet de steat bekend as de Tigersteat.
De steat hat sa'n tsien nasjonale parken en ferskate wyldreservaten. De meast ferneamde binne:

- Nasjonaal Park Kanha, ien fan 'e grutste en moaiste parken fan Yndia, en in wichtich gebiet foar de Barasingha.
- Nasjonaal Park Bandhavgarh, bekend om ien fan 'e heechste tichtens fan tigers yn it lân.
- Nasjonaal Park Pench, mei in rike fauna fan tigers, loaihoarsen en harten.
- Nasjonaal Park Panna, in suksesfol tigerreservaat mei moaie wetterfallen.
By Bhedaghat streamt de rivier de Narmada troch in spektakulêre kleau fan hege rotsen.
Pachmarhi is in berchstedsje yn it Satpuraberchtme op likernôch 1.100 meter hichte. It waard yn 'e Britske tiid as in koeler taflechtsplak ûntwikkele om oan 'e hjittens te ûntsnappen en is hjoed-de-dei in populêr toeristysk gebiet mei bosken, grotten en wetterfallen.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Madhya Pradesh is in wichtige agraryske en mynbou-steat yn Yndia.
- De fruchtbere Malwa-regio makket de steat ta in grutte produsint fan sojabeannen, earten en beantsjes en krûden.
- De steat is ryk oan mineralen. Yn Panna is in diamantmyn, der wurdt koper wûn yn Malanjkhand en mangaan en stienkoal yn Singrauli.
- Yndustry sit benammen yn Indore (tekstyl, farmaseutysk en groeiende IT-sektor), Pithampur (auto-yndustry) en Bhopal (swiere yndustry).
De steat ynvestearret yn duorsume enerzjy. It 6.4 km² grutte Rewa Ultra Mega Solar Park is ien fan 'e grutste sinneparken fan 'e wrâld en leveret sels stroom oan Delhi.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bhopal is it bestjoerlik sintrum fan Madhya Pradesh. De steat is opdield yn in grut tal distrikten om it ûnbidich grutte gebiet effisjint te bestjoeren.
Madhya Pradesh hat in ienkeamerich parlemint, de Madhya Pradesh Legislative Assembly (Vidhan Sabha). It bestiet út 230 leden streekrjocht keazen leden troch de befolking foar in termyn fan fiif jier. De útfierende macht leit by de Chief Minister, de lieder fan 'e mearderheidspartij yn it parlemint. De gûverneur is it seremoanjele steatshaad en wurdt beneamd troch de presidint fan India.
De steat is opdield yn 10 divyzjes (regio's) en 55 distrikten. Sûnt de folkstelling fan 2011 binne der ferskate nije distrikten bykommen, ûnder oaren Niwari, Mauganj, Maihar en Pandhurna.
Distrikten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjir is de folsleine tabel fan alle 55 distrikten fan Madhya Pradesh. Om it oersichtlik te hâlden, binne de distrikten alfabetysk rangskikt. De sifers foar de nije distrikten (oprjochte nei 2011) binne basearre op de offisjele rekonstruksjes fan de doetiidske folkstelling.

| Distrikt | Haadplak | Ynwennertal (2001) | Ynwennertal (2011) | Groei (%) |
|---|---|---|---|---|
| Agar Malwa | Agar | 480.589 | 571.275 | +18,9% |
| Alirajpur | Alirajpur | 568.935 | 728.999 | +28,1% |
| Anuppur | Anuppur | 667.155 | 749.237 | +12,3% |
| Ashoknagar | Ashoknagar | 688.940 | 845.071 | +22,7% |
| Balaghat | Balaghat | 1.497.968 | 1.701.698 | +13,6% |
| Barwani | Barwani | 1.081.441 | 1.385.881 | +28,1% |
| Betul | Betul | 1.395.175 | 1.575.362 | +12,9% |
| Bhind | Bhind | 1.428.559 | 1.703.005 | +19,2% |
| Bhopal | Bhopal | 1.843.510 | 2.371.061 | +28,6% |
| Burhanpur | Burhanpur | 598.180 | 757.847 | +26,7% |
| Chhatarpur | Chhatarpur | 1.474.723 | 1.762.375 | +19,5% |
| Chhindwara | Chhindwara | 1.536.215* | 1.740.922* | +13,3% |
| Damoh | Damoh | 1.083.949 | 1.264.219 | +16,6% |
| Datia | Datia | 627.818 | 786.754 | +25,3% |
| Dewas | Dewas | 1.308.223 | 1.563.715 | +19,5% |
| Dhar | Dhar | 1.740.329 | 2.185.793 | +25,6% |
| Dindori | Dindori | 580.730 | 704.524 | +21,3% |
| Guna | Guna | 977.827 | 1.241.519 | +27,0% |
| Gwalior | Gwalior | 1.632.335 | 2.032.036 | +24,5% |
| Harda | Harda | 474.416 | 570.465 | +20,3% |
| Indore | Indore | 2.465.827 | 3.276.697 | +32,9% |
| Jabalpur | Jabalpur | 2.151.203 | 2.463.289 | +14,5% |
| Jhabua | Jhabua | 784.286 | 1.025.048 | +30,7% |
| Katni | Katni | 1.064.167 | 1.292.042 | +21,4% |
| Khandwa | Khandwa | 1.078.251 | 1.310.061 | +21,5% |
| Khargone | Khargone | 1.529.562 | 1.873.046 | +22,5% |
| Maihar | Maihar | 298.540* | 341.000* | +14,2% |
| Mandla | Mandla | 894.236 | 1.054.905 | +17,9% |
| Mandsaur | Mandsaur | 1.183.724 | 1.340.411 | +13,2% |
| Mauganj | Mauganj | 523.410 | 616.645 | +17,8% |
| Morena | Morena | 1.592.714 | 1.965.970 | +23,4% |
| Narmadapuram | Narmadapuram | 1.084.265 | 1.241.352 | +14,5% |
| Narsinghpur | Narsinghpur | 957.643 | 1.091.854 | +14,0% |
| Neemuch | Neemuch | 726.070 | 826.067 | +13,8% |
| Niwari | Niwari | 341.220 | 404.807 | +18,6% |
| Panna | Panna | 854.235 | 1.016.520 | +19,0% |
| Pandhurna | Pandhurna | 313.068* | 350.000* | +11,8% |
| Raisen | Raisen | 1.125.154 | 1.331.597 | +18,4% |
| Rajgarh | Rajgarh | 1.254.085 | 1.545.814 | +23,3% |
| Ratlam | Ratlam | 1.213.815 | 1.455.069 | +19,9% |
| Rewa | Rewa | 1.449.896* | 1.748.461* | +20,6% |
| Sagar | Sagar | 2.021.987 | 2.378.458 | +17,6% |
| Satna | Satna | 1.571.564* | 1.887.935* | +20,1% |
| Sehore | Sehore | 1.078.912 | 1.311.332 | +21,5% |
| Seoni | Seoni | 1.166.608 | 1.379.131 | +18,2% |
| Shahdol | Shahdol | 908.148 | 1.066.063 | +17,4% |
| Shajapur | Shajapur | 809.738* | 941.406* | +16,3% |
| Sheopur | Sheopur | 559.494 | 687.861 | +22,9% |
| Shivpuri | Shivpuri | 1.441.950 | 1.726.050 | +19,7% |
| Sidhi | Sidhi | 916.469 | 1.127.033 | +23,0% |
| Singrauli | Waidhan | 920.169 | 1.178.273 | +28,1% |
| Tikamgarh | Tikamgarh | 861.773* | 1.040.359* | +20,7% |
| Ujjain | Ujjain | 1.710.982 | 1.986.864 | +16,1% |
| Umaria | Umaria | 515.963 | 644.758 | +25,0% |
| Vidisha | Vidisha | 1.214.885 | 1.458.875 | +20,1% |
- Sifers mei in stjerke (*) binne oanpast fanwegen de ôfspjalting fan nije distrikten nei 2011.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Dielsteaten en unyterritoaria fan Yndia | |
|---|---|
| Dielsteaten | |
|
Andhra Pradesh · Arunachal Pradesh · Assam · Bihar · Chhattisgarh · Goä · Gûdjarat · Haryana · Himachal Pradesh · Jharkhand · Karnataka · Kerala · Madhya Pradesh · Maharashtra · Manipoer · Meghalaya · Mizoram · Nagalân · Orissa · Pûndjaab · Radjastan · Sikkim · Tamil Nadu · Telangana · Tripoera · Uttar Pradesh · Uttarakhand · West-Bingalen | |
| Unyterritoaria | |
|
Andamanen en Nikobaren · Chandigarh · Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu · Delhi (Nasjonaal Haadstedsk Territoarium) · Jammu en Kasjmier · Ladakh · Lakshadweep · Pondicherry | |
